Beetsterzwaag

de groene parel van Opsterland

  • Vergroot lettergrootte
  • Standaard lettergrootte
  • Verklein lettergrootte


Healers is in opfallende Fryske blûsband út Opsterlân. Mei rauwe ‘Fryske Roots blues’ is de band op it stuit ienich yn syn soart. 

  • Ruurd Huitema (bas)
  • Marten Scholten (slachwurk, pannen en sang)
  • Iede Hoekstra (gitaar)
  • Feiko Wouda (mûlharp en rammelguod)
  • Bauke de Grouw (oargel, piano, gitaar en banjo)
  • Jehannes Veenstra (sang, gitaar en rammelguod) 

 De band bestiet no sa ‘n tsien jier en operearde yn syn earste jierren yn it gewoane cover-sirkwy ek mei muzyk út de folksfear. De hjoeddeiske muzykkoers is fan de leste fiif jier. It Sweachster festival fan 2004 hat dêr in fername rol yn spile. As doel hie de band om op it festival in set Fryske blûs te spyljen. Klassike blûsnûmers waarden oerset en sa kaam it program ‘De Blûsrûs’ ta stân.  

It publyk op it festival yn september 2004 fûn it leuk, boargemaster doetiids, Sicko Heldoorn fan Opsterlân en ek presentator fan it festival rekke entûsjast. Hy wist de wei wol nei in subsydzjepotsje en dat wie in goede triuw yn de rjochting fan de opname fan de cd  ‘De Blûsrûs. De opnames dêrfan wiene yn maaie 2005, yn it kafee De Rolbrêge fan Bouke Oldenhof by de Tynje, mei publyk. ‘De Blûsrûs’ hânnelt oer de earmoed sa’n hûndert jier lyn en makket dúdlik dat der parallellen binne tusken de plantaazjes yn it súden fan de Feriene Staten fan Amearika en de feanterijen fan de súdeasthoeke fan Fryslân yn it begjin fan de foarige ieu. ‘De Blûsrûs’ is in reis dy ’t je meinimt by earmoed, tsjinslach, leafde, oerhoer drankmisbrûk en úteinlik by lok en hope lans. 

Út de wrâld fan de Fryske muzyk binne op de cd prima reaksjes kaam. ‘De Blûsrûs’ waard cd fan ‘e wike by Omrop Fryslân en it nûmer Hurdsiler waard in beskieden simmerhit en docht it noch altyd goed by it Skûtsjesilen. Ek oare nûmers fan de cd wurde noch draaid by de omrop.

It sukses smakke nei mear, dat yn de neisimmer fan 2005 ûntstie it idee om op de Feanhoop in cd op te nimmen ûnder it motto ‘De Feanhoop Opnij Besocht’. It gefal wol dat alle seis Healermannen op ien of oare manier konneksjes ha mei de Feanhoop. Sa is Ruurd Huitema (bas) berne yn It Polderhûs. Marten Scholten (slachwurk, pannen en sang) hat njonken de skoalle wenne, want syn heit wy in skoft haadûnderwizer fan de skoalle. Marten en Ruurd ha fansels op O.B.S. Op ‘e Feanhoop sitten. Iede Hoekstra (gitaar) en Feiko Wouda (mûlharp en rammelguod) ha famylje wenjen op de Feanhoop en Bauke de Grouw (oargel, piano, gitaar en banjo) syn heit komt oarspronkelik út de omkriten fan de Feanhoop. De konneksje fan Jehannes Veenstra (sang, gitaar en rammelguod) is net hielendal dúdlik. Hy komt eins fan Garyp, mar siet faak te fiskjen oan de Headamsleat flak by de Feanhoop. It skynt dat hy de ‘Langsleattermerman’, better bekind as de smid fan Earnewâld oait troffen hat en it oerlibbe hat... 

Yn de simmer fan 2007 waard in twatal nûmers opnaam yn de Trempstudio fan Walter Tremp yn Bitgum. Dy beide nûmers; Feanhoop Feest en Boppe Baas waarden fuort oppikt troch Omrop Fryslân en kinne beskôge wurde as opset foar de nije cd. Dy nije cd is yn it wykein fan 23 en 24 febrewaris 2008 yn O.B.S. Op ‘e Feanhoop troch Walter Tremp, live opnommen. De nûmers op ‘De Feanhoop Opnij Besocht’ hannelje oer De Feanhoop mei û.o. syn fermaarde festival. In oantal nûmers ferhelje sels oer saken dy ’t net ien oait heard hat. Want is it eins wol plús op ’e Feanhoop?En ek ‘De Feanhoop Opnij Besocht’ waard nei útjefte yn juny 2008 cd fan ‘e wike. Nûmers as it titelnûmer; De Feanhoop Opnij Besocht en Begearlik frommes wurde faak draaid by de omrop. 

De Healermannen repetearje ien kear yn de twa wiken yn ‘Ons Huis’ yn de Sweach, want de mannen moatte skerp bliuwe foar optredens út en troch en, wa sil it sizze, foar in tredde cd? Wa wit komme Healers dan ek noch ris in kear yn de Fryske top 100!  

 

 

(Earme Siel; met toestemming van Healers)

Klik hjir foar filmpke fan Healers op You-Tube

 

 


Pareltjes


©2009 - 2012 (Mooi Beetsterzwaag)